Doutzen dronk earder Rivella

Doutzen Kroes is it nije gesicht fan Rivella. Se hat yn Los Angeles in tillevyzjereklame opnaam foar it drankje, dy't fan nije wike ôf yn Nederlân te sjen is. De earste kontakten binne ferline jier lein. Rivella woe Doutzen graach ha, om't it bedriuw lykas it topmodel út Fryslân komt. Doutzen fynt it moai om reklame te meitsjen foar de frisdrank, dat se as lyts bern dronk. Doutzen wie dizze wike efkes yn Nederlân, mar is no wer yn New York. It model is 6,5 moanne swanger en past har wurk der op oan. Se wol yn Nederlân befalle.