De Rouwe foar spoartunnel

11 apr 2014 - 18:22

CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe sil him ynsette foar in spoartunnel as ûnderdiel fan de nije rûnwei by Hurdegaryp. Doarpsbelang wol al hiel lang dat de tunnel der komt. Neffens De Rouwe komme mei de tunnel gefaarlike krusings te ferfallen en is dat goed foar de feiligens. De tunnel past neffens him by de plannen fan it Ryk. Dat soe derom finansjeel bydrage moatte. De tunnel is lykwols net werom te finen yn it Programma Veiligheid Overwegen fan it Ryk. De Rouwe hat dêr keamerfragen oer steld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)