Fiif ton easke foar himptylt

It Iepenbier Ministearje hat in heal miljoen euro easke tsjin himpteler Doede de Jong fan Appelskea. Ek wol it Iepenbier Ministearje dat De Jong in wurkstraf fan 180 oeren útfierd. Neffens it IM is it in nuvere saak omdat De Jong der iepenlik foarút komt dat er himp tylt. 'Mar der leit in wet dat dit net mei en je moatte je oan de wet hâlde. As je de wet feroarje wolle dat moat je by de polityk wêze', sa sei de offisier fan justysje.
De rjochtsaak begûn freedtemiddei letter as de bedoeling wie omdat sa'n hundert sympatisanten nei Ljouwert kommen wiene. Se moasten allegear troch de scan. Der is weed yn beslach naam. Ek is der in skroevedraaier, in hashpypke, in mes en in foarke fûn.