Famke seksueel lestich fallen

11 apr 2014 - 16:37
Plysje-embleem - Foto: ANP

De plysje yn Snits siket in man dy't freedtemiddei in famke lestich fallen hat. Yn de Furmerusstrjitte by de reade flat frege de man oan it famke of se oan syn geslacht sitte woe. Hy naaide dernei út op de fyts.

It giet om in donkerblonde man mei in swarte jas oan en in fyts mei fytstassen. Hy is 30 oant 40 jier âld.

Trefwurden: 
plysje famke geslachtsdiel
(advertinsje)
(advertinsje)