Jildaksjes by Admiraliteitshûs

11 apr 2014 - 16:19

Museum it Admiraliteitshûs yn Dokkum sil tenei faker jildynsammelingsaksjes opsette. Oanlieding is in suksesfolle crowdfundingaksje dy't it mooglik makke om in stoplape út 1771 restaurearre te litten. De restauraasje kostet mear as 600 euro. Minsken koene foar 25 euro in stik fan de stoplape keapje.

Alle 25 parten fan de stoplape binne sa ferkocht. De histoaryske stoplape leit no by de restaurateur yn Haarlim.

(advertinsje)
(advertinsje)