Reedrydster De Jong nei Anema

11 apr 2014 - 16:11

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum rydt de kommende twa jier foar de ploech fan coach Jillert Anema. Dat is freed bekend makke op It Hearrenfean. Antoinette, dy't noch mar krekt njoggentjen jier is, wurdt beskôge as it grutste reedrydtalint yn Nederlân op dit momint. Ofrûne seizoen waard se wrâldkampioene by de junioaren en sânde op de trije kilometer op de Olympyske Spelen.

Jillert Anema makke in pear wike lyn bekend dat hy ûnder de namme Clafis in nije ploech oan it foarmjen is foar takom seizoen. Ek komt der in maratonploech dy't sponsere wurdt troch suvelbedriuw A-ware.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)