Van Basten passeart Ziyech

11 apr 2014 - 15:47

Hearrenfeantrainer Marco van Basten hat Hakim Ziyech passeart foar de wedstriid fan sneon tsjin Go Ahead Eagles. Van Basten spilet mei deselde alve spilers as yn de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin PSV. Dat betsjut dat Van Aken wer linksback is en Van Anholt, De Roon en Van den Berg op it middenfjild spylje.

Neffens Van Basten kin hy it net meitsje om syn ploech nei PSV te feroarjen. "Ziyech zal zeker nog wel invallen, maar ik heb hem verteld dat het krijgen van een gele kaart en een schorsing kan beteken dat anderen hun kansen grijpen."

Opstelling: Nordfeldt, Marzo, Kruiswijk, Kum, Van Aken, Van Anholt, De Roon, Van den Berg, Basacikoglu, Finnbogason en Sinkgraven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)