Aksje tsjin wynmûnen Ofslútdyk

Aksjegroep Don Quichot hat freedtemiddei askje fierd tsjin de plannen foar 100 wynmûnen yn de Iselmar. De groep dielde flyers út oan automobilisten dy't wachtsje moasten foar de iepen brêge. De brêge waard troch de aksjefierders iepen hâlden. Dat mocht maksimaal 20 minuten.
De aksjegroep hie de brêge graach lange tiid iepen hâlde wollen, mar dat wie ferbean troch de gemeente Súdwest-Fryslân. De aksje soarge foar files op de Ofslútdyk.