Tennis moat populêrder wurde

Hieltyd minder bern kieze foar de tennissport. Fuotbal bliuwt populêr, it tennisjen bliuwt dêr fier by achter. Om derfoar te soargjen dat de jeugd it tennisracket faker oppakt, is april útroppen ta Moanne fan it Tennis. Yn de gemeente Tytsjerksteradiel dogge alve basisskoallen dêr oan mei. Tennislearaar Stef Boomsma hat de ôfrûne dagen al in hiel soad bern de earste begjinsels fan it tennisjen bybrocht