Ogbeche yn spits by Cambuur

Bartholomew Ogbeche is sneon de spits fan Cambuur yn de thúswedstriid tsjin Vitesse. Troch skorsings fan El Makrini en Ritzmaier moat trainer Henk de Jong skowe yn de opstelling. Martijn Barto spilet no mei Bakker en Van Moorsel op it middenfjild. Ramon Leeuwin is blesseard. Mart Dijkstra spilet foar him. Lucas Bijker is ek noch skorst. Syn ferfanger is Marlon Perreira. By winst op Vitesse is Cambuur fersekere fan noch in jier earedivyzje. De wedstriid tsjin Vitesse is folslein útferkocht.