Auto's op elkoar by Ferwert

Traumahelikopter © ANP Kippa
Twa minsken binne freed oan de ein fan de moarn ferwûne rekke by in ûngelok by Ferwert. De auto's wêryn't se rieden rekken mekoar troch noch ûnbekende oarsaak. Ien auto fleach dêrtroch in sleat oer en bedarre yn in stik greide.
De bestjoerder moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde. Hoe slim de bestjoerder der oan ta is, is noch net bekend. Dat jildt ek foar de oare ferwûne. Foar de helpferliening is ek in traumahelikopter ynset.