Kontrakt Ekwadraat mei Ruslân

It Ljouwerter duorsumens bedriuw Ekwadraat tekenet ein maaie in kontrakt foar de opwekking fan duorsume enerzjy mei Russyske partners. Dat de handels- en enerzjymisje nei Ruslân ûnder oanfiering fan Minister Kamp net troch giet feroaret dêr net oan. Dat seit Ekwadraat direkteur Douwe Faber.
De misje fan Kamp waard earder dizze wike útsteld fanwege de situaasje yn Oekraïne en de oprinnende spanningen tusken Ruslân en it Westen. Faber soe yn de rin fan de misje in kontrakt ûndertekenje. Dat wurdt no nei alle gedachten ein maaie.
It kontrakt giet om it opwekken fan duorsume enerzjy yn it fiere easten fan Ruslân.