Fermiste man fûn yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
It lichem dat freedtemoarn yn it wetter yn Frjentsjer fûn is, is yndie fan de man dy't sûnt ôfrûne snein fermist waard. Dat hat de plysje bekend makke. Der is gjin sprake fan in misdriuw.
In foarbygonger seach freedtemoarn wat yn it wetter driuwen oan de Seisbierrumerwei yn Frjentsjer en warskôge de plysje. Dy hat it lichem út it wetter helle en ûndersykje litten. De man waard al dagen fermist. De plysje hie earder dizze wike ek al yn it wetter om him socht, mar doe is neat fûn.