TranSportium easket dúdlikheid

As de KNSB net op koarte termyn dúdlikheid easket oer de finansjele ûnderbouwing fan Icedôme yn Almere, dan bestiet de kâns dat guon ynvestearders by it iisbaanplan yn Zoetermeer ôfheakje. Dat seit inisjatyfnimmer Frank Heijerman fan it TranSportium. It plan yn Zoetermeer wurdt stipe troch grutte bedriuwen as Siemens, Dura Vermeer en Royal Haskoning. Dy wolle bouwe as Almere net trochgiet. No't de KNSB it definitive oardiel oer de helberens fan Icedôme yn Almere opnij ústelt, wurde de TranSportium ynvestearders ûngeduldich.
De KNSB en sportkoepel NOC*NSF brochten tongersdei nei bûten dat se fertrouwen yn Almere hâlde, ek al is de finansjele ûnderbouwing noch hieltyd net rûn. Thialf-direkteur Eelco Derks en deputearre Hans Konst sprekke hjir skande fan.