'Ofslútdyk mei net ôfsluten'

11 apr 2014 - 11:03

Aksjegroep Don Quichot mei it ferkear op de Ofslútdyk net stillizze. Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân seit dat hy yngrypt as de aksjegroep de brêge iepen hâldt. Apotheker stiet allinnich in langsum-oan-aksje ta. Dat betsjut dat der allinnich aksjefierd wurde mei as de brêge foar it gewoane skipfeartferkear iepen giet. Don Quichot wol freed demonstreare tsjin de plannen foar in wynmûnepark yn de Iselmar.

It is de bedoeling dat as de brêge iepen stiet dêr in skip tusken lein wurdt.

De brêge kin dan net ticht en dat jout aksjefierders de kâns te flyerjen yn de file.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)