Man slacht plysje yn gesicht

Plysjesel © ANP XTRA
In ynwenner fan Ljouwert hat yn de nacht fan tongersdei op freed in plysjeman yn it gesicht slein. Ek misledige de 24-jierrige man meardere plysjeminsken. Krekt foar de mishanneling hie de plysje de fertochte en in oare man útelkoar helle by in fjochtpartij op de Tjerk Hiddesdwersstrjitte. De plysje woe de beide manlju gean litte, mar de Ljouwerter wegere fuort te gean en sloech de plysje. Dêrom is hy oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.