Feenstra op Europeeske SP-list

SP-steatelid Fenna Feenstra fan Snits stiet op it sânde plak op de SP-list foar de de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Feenstra is steatelid sûnt 2012 en wie earder ôfdielingsfoarsitter fan de SP yn Snits. Op it 16e plak stiet ek in Fries, dat is rieds- en steatelid Jos van der Horst fan Drachten. De SP hat op dit stuit ien fertsjintwurdiger yn it Europeesk Parlemint. Hy makket diel út fan de fraksje fan Verenigd Links. Dy is mei 35 leden út trettjin lidsteaten de fyfde partij yn it Europeesk Parlemint.