Ferlies foar Tytsjerksteradiel

10 apr 2014 - 22:24

De gemeente Tytsjerksteradiel hat fan 2004 oant 2012 sa'n twa miljoen euro ferlies draaid op de ferkeap fan grûn foar nije wenningen en bedriuwen. Dat docht bliken út ûndersyk troch de rekkenkeamerkommisje. Fan 2004 oant 2010 is winst makke, mar yn de jierren dêrnei wie it ferlies grutter. De fraach nei bougrûn sakke troch de krisis yn.

Foar de kommende jierren is it oantal nije huzen ferlege fan 100 nei 70. Neffens de rekkenkeamerkommisje is de gemeente wol goed by steat om fluch te reagearjen op de feroare wenningmerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)