Heechste punt Wetsus berikt

10 apr 2014 - 21:00

De ferhuzing fan wetterynstitút Wetsus wurdt in mega-operaasje. It ûndersyksynstitút foar wettertechnology ferhuzet nei de simmer fan de Van Hall hegeskoalle yn Ljouwert nei de nijbou in pear hûndert meter fierderop. Hoewol't it mar in hiel lyts stikje is, sil de ferhuzing in soad tiid en ynspanning kostje.

De proefopstellings dy't no noch by it Van Hall steane moatte dan ek mei en dy meie yn in soad gefallen eins net tefolle fersteurd wurde. Tongersdei waard it heechste punt fan de nijbou berikt. Yn septimber is it gebou klear.

Trefwurden: 
Ljouwert Wetsus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)