Ravaazje troch fandalen

10 apr 2014 - 18:56

Fandalen hawwe in ravaazje oanrjochte yn it eardere soarchsintrum Vegelinshof op De Jouwer. It soarchsintrum stiet sûnt in pear wike leech, nei't de bewenners ferhuze binne nei de nijbou.

Fandalen hawwe ynbrutsen yn it gebou en foar tsientûzenen euro's skea oanrjochte. Eigener Hof en Hiem is slim dupearre troch de fernielings. Mei de gemeente en de plysje wol Hof en Hiem foarkomme dat fandalen tenei wer yn it gebou komme kinne. Der komme stekken en kamera's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)