Trije famkes Bornego wer thús

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trije fan de fjouwer famkes fan it Bornego Kolleezje op De Jouwer dy't tongersdei net goed waarden by in gymles, binne wer thús. It lêste famke moat noch efkes yn it sikehûs bliuwe foar ûndersyk. De famkes rekken by it gymmen út de tiid. De oarsaak fan it ynsidint is noch altyd ûnbekend. De brânwacht hat mjittings dien mar dêrút die net fuortdaliks bliken dat der skealike stoffen yn de lucht sieten.
Mooglik dat de famkes ferkeard wetter dronken ha. Dêrom hat wetterbedriuw Vitens it wetter ûndersocht. Dizze resultaten binne noch ûnbekend.