De Vries, Schepers by seleksje

17 feb 2012 - 13:25

Mark de Vries en Bob Schepers meitsje sneon tsjin Sparta wer diel út fan de Cambuurseleksje. Beide spilers komme werom fan in blessuere en begjinne op de bank. Leon Hese is noch in fraachteken, hy foel tongersdei op de lêste training út mei in ankelblessuere. Op deselde ankel krige Hese yn de lêste wedstriid tsjin Almere City ek al in tik.

Erik Bakker, Oguzhan Türk en Marco Bizot binne der troch blessueres net by tsjin Sparta. Mohamed El Makrini keart werom fan in skorsing.

Mooglike opstelling Cambuur: Te Loeke, Droste, Van Boxel, Van der Laan, Vosselman, Takak, El Makrini, S. van der Heide, Dissels, Barto en De Leeuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)