Soarchsintrum feestlik iepene

It ferboude soarchsintrum It Bildt yn Sint Anne is tongersdeitemiddei feestlik iepene troch deputearre Hans Konst. De hiele dei is der feest foar de bewenners. Dat begong moarns betiid al mei taart en muzyk. It ferboude soarchsintrum biedt plak oan 52 apparteminten. Dêrneist boude Wonen Noordwest Fryslân 15 nije oanleunwenten yn it nije gebou 't Noorderhoog.
De bou hat al mei al twa jier duorre en is yn trije fazen útfierd. Freed hâldt it soarchsintrum iepen dei foar belangstellenden.