MI5-dossiers Mata Hari online

De dossiers dy't de Britske geheime tsjinst MI5 oanlein hat oer Mata Hari binne tenei online te besjen. It Britske Nasjonaal Argyf hat se op ynternet set. Te sjen binne ûnder oare foto's fan krante-artikels en oare publikaasjes oer Mata Hari's arrestaasje, feroardieling en eksekúsje. Ek binne brieven en in rapport oer in ûnderfreging te besjen.
Mata Hari waard yn 1876 as Margaretha Geertruida Zelle berne yn Ljouwert. Yn 1917 waard se feroardield foar spionaazje foar Dútslân en om it libben brocht yn Frankryk.