Eksposysje 500 jier finzenis

Under de titel '500 jaar gevangenen in Friesland' begjint tongersdei yn it Streekmuseum-Folksstjerrewacht yn Burgum de eksposysje oer it finzeniswêzen yn Fryslân. De unike museumkolleksje fertelt it ferhaal fan 500 jier finzeniswurk yn Fryslân. Sa sil ûnder oare âld-personiel fan de Blokhúspoarte fertelle oer it libben yn de finzenis fan eartiids.
Dêrby mei it ferhaal oer de Oerfal fan 8 desimber 1944 fansels net ûntbrekke. By dy oerfal waarden yn oarlochstiid 51 fersetsstriders út de Ljouwerter finzenis helle.
De ekspoasysje is in inisjatyf fan de Stifting Blokhuispoort.