Utspraak yn moardsaak De Vries
It gerjochtshôf yn Ljouwert docht tongersdei útspraak yn de moardsaak fan Murkje de Vries. In 49-jierrige man út De Harkema wurdt derfan fertocht dat hy de 36-jierrige De Vries yn har wenning yn Koatstertille deasketten hat. Ek wurdt hy fertocht fan poging ta moard op twa oare minsken. Twa wike lyn is der 30 jier sel tsjin de man easke.