Koälysje Dongeradiel bekend

Gemeente Dongeradiel
It CDA, de FNP en ChristenUnie foarmje ek de kommende fjouwer jier de koälysje yn de gemeente Dongeradiel. Dat is de útkomst fan de petearen dy't ynformateurs Theunis Piersma en Hilbrand Visser de ôfrûne tiid hân ha mei de sân partijen yn de ried. Kommende moandei jouwe de ynformateurs in taljochting op har wurk.
Ynformateur Marian Jager sjocht yn Littenseradiel foarearst it meast yn in koälysje fan SAM en FNP. Dy partijen sille no meielkoar yn petear.