Man bedriget kroechmeiwurker

10 apr 2014 - 09:50

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 46-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden op fertinking fan bedriging fan in meiwurker fan in kroech oan it Ruterskwartier yn Ljouwert. De man skopte bûten tsjin in fyts fan in klant oan. Doe't de meiwurker fan de kroech him hjir op oanspruts, waard er bedrige troch de man. Dêrnei naaide de Feanster út yn in auto.

Op basis fan it kenteken en it sinjalemint fan de man koe de plysje him efkes letter oanhâlde yn syn wenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)