Whatsapp-groep tsjin ynbraken

Bewenners yn de omkriten fan de Marinus de Boerstrjitte yn Drachten brûke in whatsapp-groep op har mobile telefoan om elkoar te warskôgjen foar ynbrekkers. Sa'n 35 bewenners hawwe har yntusken oansletten by it inisjatyf. Sy stjoere elkoar in berjochtsje as se wat fertochts sjogge. Yn de omkriten fan de Marinus de Boerstrjitte wurdt de lêste tiid in soad ynbrutsen. Sûnt it begjin fan dit jier wie dat al sa'n fjirtich kear.