Doek falt foar toaniel Warkum

Nei hast 70 jier hâldt toanielferiening Jimmer Omheech yn Warkum der mei op. It slagget de feriening net langer om nije oanwaaks te krijen. Benammen de jongerein hat gjin tiid mear foar it toaniel en dêrtroch binne der noch mar in hantsjefol spilers oer. Neffens it bestjoer fan de feriening is it sa net langer mooglik om alle jierren mei in stik te kommen.
Dit wykein stiet Jimmer Omheech foar it lêst op de planken. Se spylje dan it stik mei de passende titel: "It lêste stik".