Ferromming fan regels by UWV

09 apr 2014 - 20:55

Minister Asscher komt noch foar de simmer mei in foarstel foar ferromming fan regels dy't it UWV hantearje moat foar it melden fan frijwilligerswurk troch minsken mei in útkearing. Dat hat de minister fan Sosjale Saken woansdei witte litten yn in brief oan Nanne de Jong fan it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden.

It FSU drige begjin dit jier mei in protestaksje om't se fine dat it UWV te strang is yn it tastean fan frijwilligerswurk troch WW'ers. Minister Asscher jout oan dat er sjen sil nei ferromming fan de lanlike regels.

Begjin maart kaam it FSU yn gearwurking mei de Feriening fan Fryske Gemeenten al ta de rjochtline Gezond Verstand, om de kombinaasje fan frijwilligerswurk en in bystânsútkearing gemeentlik better te regeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)