Doutzen it gesicht fan Rivella

Doutzen Kroes is it nije gesicht fan Rivella. Se hat in tillevyzjereklame opnaam foar it drankje. Fan 14 april ôf is dy te sjen op de tillevyzje. Doutzen hat in jurk fan Jan Taminiau oan. It is net tafallich dat Doutzen reklame makket foar it frisdrankmerk, want lykas Doutzen komt Rivella út Fryslân. Fan 1957 ôf waard it makke by de Kondinsfabryk fan Wolvegea.
Doutzen hat de kampanje sels bekend makke op twitter.