Eksposysje Roem Drachten

09 apr 2014 - 17:31

Learlingen, famylje en dosinten hawwe woansdeitemiddei yn Museum Smellingerlân de spesjale tentoanstelling 'Roem' iepene. Yn dy tentoanstelling yn Drachten wurdt it eksamenwurk fan de VMBO-learlingen fan Singellân Van Haersmasingel toand oan it publyk. De learlingen ha it wurk makke foar it fak Byldzjende Foarming.

Studinten krigen de opdracht om fan it eksamenwurk in earbetoan oan in bekend persoan te meitsjen. It tema wie dit jier nammentlik 'roem'. De útstalling 'Roem' is te sjen fan 9 oant en mei 25 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)