Oranje-appeltsje foar AanZet

De Stichting AanZet yn Ljouwert is ien fan de trije inisjativen yn Nederlân dy't in "Appeltje van Oranje" krijt. Dat hat it Oranjefûns bekend makke. Dat fûns hat sjoen nei projekten dy't har foar langere tiid ynsette foar kwetsbere minsken.
AanZet is sa'n stichting dy't mei ferskate projekten stipe jout oan minsken mei psychyske problemen. Oan it Appeltje van Oranje is in jildpriis ferbûn fan 15.000 euro.