Faak diskriminaasje op it wurk

It meldpunt Diskriminaasje yn Ljouwert krijt geregeld klachten oer diskriminaasje op de wurkflier. Op in totaal fan hast 300 klachten giene ferline jier 63 oer diskriminaasje op it wurk. Dan giet it bygelyks om swangere froulju dy't problemen krije, of dat manlju en froulju ferskillend útbetelle wurde.
It College voor de Rechten van de Mens meldt yn syn jierferslach dat diskriminaasje op de wurkflier in grut probleem is. Faak ha wurkjouwers it net iens yn de gaten dát se diskriminearje.
It Ljouwerter meldpunt helpt minsken mei klachten om wat oan de situaasje te dwaan. It giet ek geregeld it petear oan mei wurkjouwers.