Nije koälysje Ferwerderadiel

09 apr 2014 - 14:56

It CDA en de FNP yn Ferwerderadiel ha in akkoart berikt oer de foarming fan it nije kolleezje. Jelle de Vries fan it CDA en Jaap Hijma fan de FNP sille as wethâlders plaknimme yn it kolleezje. Hijma giet dêrmei syn twadde bestjoersperioade yn en sil yn de ried ferfongen wurde troch Jelle Reitsma.

De Vries is in nij gesicht yn it kolleezje en syn plak yn de ried wurdt ynnaam troch Ellert Jongstra. De gemeenteried nimt op 24 april in beslút oer de kandidaatstelling fan beide manlju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)