Blog: Gjin roeiwedstriden by Special Olympics

Special Olympics roeiboat
Troch it grutte ferskaat oan ynskriuwings by it ûnderdiel roeien, is it op de Nasjonale Spelen 2014 net mooglik in folweardige kompetysje út te skriuwen. Special Olympics Nederland hat yn oerlis mei de technysk delegearde besletten dat in goeie yndieling yn klassen net mooglik is. ,,Spitigernôch ha wy dit negative advys oernimme moatten. Wy kinne ús foarstelle dat de roeiers tige teloarsteld binne. Wy hoopje dat by de folgjende Nasjonale Spelen roeien wol op it programma stiet’’, sa lit projektlieder Baukje Wallendal witte.