'Tefolle regels foar ynwenjen'

09 apr 2014 - 13:01

Notarissen fine dat gemeenten net taret binne op ynwenjende âlden by de bern. Sy hawwe dat ûndersocht, omdat hieltyd faker âlden by de bern ynwenje wolle. De gemeentlike regels binne dêr lykwols noch net op klear. Yn Fryslân komme dizze gefallen noch net sa faak foar.

Undersyk yn Fryslân lit sjen dat de gemeente Achtkarspelen krekt wol de regels oanpast hat, dêr is it makliker makke om tydilke wenromte op it hiem del te setten. Smellingerlân seit dat se noch mar sa'n pear gefallen hawwe dat de regels noch net oanpast hoege te wurden.

Trefwurden: 
gemeente enkête ynwenjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)