'Ottertunnel Gytsjerk nedich'

Der moat sa gau mooglik in ottertunnel komme by Gytsjerk. Dat fynt Harrie Bosma fan de sûchbistewurkgroep Fryslân. In moanne lyn binne der krekt bûten Gytsjerk buordsjes pleatst, om bestjoerders dúdlik te meitsjen dat der oerstekkende otters binne. Ferline jier binne op itselde plak twa otters deariden. Op it stuit binne der noch trije otters by Gytsjerk.
Bosma hopet dat de ottertunnel der oer in jier is. Op it stuit wurdt der sprutsen oer trije farianten foar in tunnel. It is ôfhinklik fan it jild hokker fariant keazen wurdt.