Feanster bedriget personiel

09 apr 2014 - 12:35

In man út de gemeente Hearrenfean wurdt der fan fertocht yn Ljouwert personiel fan in kroech oan it Ruterskertier bedrige te hawwen. Dat wie yn de nacht fan moandei op tiisdei. Nei de melding koe de plysje de man yn syn hûs oanhâlde, hy is meinaam nei it buro. It giet om in man fan 45 jier âld. Wêrom't er it personiel bedrige is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)