Ald izer dieven De Westereen
De plysje fertinkt twa ynwenners fan De Westereen fan stellerij fan âld izer. De manlju fan 33 waarden sjoen doe't se it izer ynladen yn in karre. Dat wie by in bedriuw oan de Johannes Durksloane yn Damwâld.
De plysje waard warskôge en koe de manlju op it plak sels oanhâlde. Se binne foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro.