LEO giet foaral foar Ljouwert

De nije lokale omrop LEO wol him benammen rjochtsje op it bringen fan nijs út de gemeente Ljouwert. Net allinnich op tillevyzje en radio, mar ek op ynternet. Dat seit Casper Smits, ien fan de twa inisjatyfnimmers fan de omroporganisaasje Ljouwert En Omkriten.
It Kommissariaat fan de Media hat LEO tiisdei oanwiisd as de nije lokale omrop fan Ljouwert. It beslút betsjut de ein fan Omrop Mercurius. Tongersdei sil it kommissariaat in taljochting jaan op it beslút om de stjoermachtiging oan LEO oer te dwaan.