OXXPOP-festival bûtendoar

09 apr 2014 - 11:12

It OXXPOP-festival yn Dronryp wurdt dit jier bûtendoar hâlden. Lokaasje is it terrein dêr't gewoanwei it iepenloftspul yn Dronryp spile wurdt. Troch jildkrapte gean dy foarstellings dit jier net troch. It popfestival wol in part fan de opbringst oan it iepenloftspul jaan, mei as doel dat it takom jier wol wer hâlden wurde kin.

It festival is op 21 juny, yn de perioade dat der gewoanwei yn Dronryp it iepenloftspul spile wurdt. Op it programma stiet ûnder oare muzyk út eardere iepenloftspullen.

Trefwurden: 
Dronryp Iepenloftspul OXXPOP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)