Arriva rydt ek yn West-Brabân

09 apr 2014 - 11:08

Arriva fersoarget de kommende tsien jier it iepenbier busferfier yn West-Brabân. Dat hat de provinsje Noard-Brabân woansdei besletten. Earder waard it ferfier gund oan Veolia, mar Arriva makke dêr mei sukses beswier tsjin.

De provinsje gunde Arriva ek al it ferfier yn it easten fan Brabân. It bedriuw skaft foar it ferfier nije, miljeufreonlike bussen oan. Oan de tsjinstregeling feroaret neat. De kontrakten gean ein dit jier yn.

Trefwurden: 
Arriva Brabân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)