Twa kear pakt yn trije dagen
In man fan 33 út Ljouwert is twa kear yn trije dagen tiid betrape op it riden sûnder jildich rydbewiis. Dat meldt de plysje. Tiisdeitejûn waard de man oanhâlden op It Hearrenfean wylst hy gjin jildich rydbewiis hie. De plysje hat dêrby ek syn auto yn beslach naam. En dat wie ek de twadde kear yn trije dagen tiid.