Dekdweilers troch 11 stêden

09 apr 2014 - 09:54

Dweilorkest de Heegemer Dekdweilers fiert syn 15-jierrich bestean mei in alvestêdetocht. It orkest sil yn it pinksterwykein by de alve stêden del. It fersoarget dêrby yn elke stêd in optreden. Op sneon wurdt de start fan de tocht fersoarge troch sterke man Wout Zijlstra. Dy sil de pream dêr't it orkest op sit in tal meters foarút lûke.

De start is yn Boalsert, dêr't it orkest moandeitemiddei, tagelyk mei de dielnimmers fan de fytsalvestêdetocht, de reis ek wer hopet te einigjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)