Undersyk nei oanlisplakken

De Marrekrite wol ûndersykje hoefolle de oanlisplakken foar boaten yn ús provinsje brûkt wurde. Op dit stuit hat de organisaasje dêr noch gjin sifers fan. De Marrekrite hat it behear oer 42 km oan oanlisplakken, mar wit net hokker stegers faak en hokker stegers hast nea brûkt wurde. Mocht de Marrekrite besunigje moatte, dan is it goed om te witten wêr't boatsjefarders it minst faak oanlizze. Mei help fan GPS en Track en Trace hopet de organisaasje te witten te kommen wêr't de wettersporter úthinget.
It projekt wurdt takom jier yn de simmer foar it earst útfierd.