Froukje Frysk foarlêskampioen

08 apr 2014 - 21:50

Froukje van der Woude is de bêste foarlêzer fan Fryslân. De learlinge fan de Ichtusskoalle út Gytsjerk hat de provinsjale finale fan De Nationale Voorleeswedstrijd wûn. Froukje lies in fragmint foar út it boek 'Julia's reis' fan Finn Zetterholm. De sjuery fûn dat se in origineel fragmint keazen hie. Se krige de seal stil en naam eltsenien mei yn it ferhaal. Ek hie se goed kontakt mei it publyk.

Froukje van der Woude mei Fryslân ynkoarten fertsjintwurdigje op de lanlike finale yn Utert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)