Undersyk winkelgebiet Dokkum

08 apr 2014 - 20:24

Der komt in ûndersyk nei it winkelgebiet fan Dokkum. Alle ynwenners wurdt frege in enkête yn te foljen. It stedsmanagement wol de binnenstêd fan Dokkum fersterkje. Der wurdt wurke oan de ferbettering fan de kwaliteit fan it winkelgebiet, de oanpak fan de leechstân, it iepenstellen fan winkels op snein en de promoasje fan de stêd.

Om der achter te kommen wat de ynwenners fan de regio graach wolle wurdt de enkête hâlden.

Trefwurden: 
Dokkum winkelgebiet enkête
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)