Beleanning tip stellen bus

08 apr 2014 - 20:05

Ynstallateur Sint Brouwer fan ynstallaasjebedriuw THSB fan It Hearrenfean looft in beleanning fan 1000 euro út oan de persoan dy't ynformaasje hat oer syn stellen buske mei ark. Brouwer hie it buske mei dêryn foar 20.000 euro oan ark foar syn hûsoan de Herenwal te stean. Mar moandeitemoarn die bliken dat er stellen wie. Brouwer is hjirtroch swier dupearre om't er sûnder it buske mei ridskip net wurkje kin.

Fia sosjale media besiket er ynformaasje te krijen. Hy hopet dat de beleanning minsken oer de streek lûkt om wat te fertellen.

Dizze bus wie net de iennichste bus dy't stellen wie, yn it wykein binne noch twa VW-transporters stellen. Dy stiene op de Burggraaf en de Willem Lodewijkleane. De stellerij moat west hawwe tusken sneontejûn en moandeitemoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)